Slagge earste tiidrek fan Jeu de boulesklup Tichtstby

 

De Jeu de boulesklup Tichtstby hat it earste tiidrek fan de kompetysje feestlik ôfsluten mei de ûntbleating fan de namme “Tichtstby”. De namme is oanbracht op de râne fan de baan. De betinker fan de namme, Afke Hoogland, krige in presintsje.

Mei kofje/té en oranjekoeke waard de útslach fan de kompetysje en de prizen foar de bêste trije “boulers”. Op it earste plak is foar Afke Bosgraaf, it twadde plak foar Kees Hoogland en it tredde plak Douwe Keuning. Hja ha as winnaars in VVV-bon krigen.

It tiidrek is dan wol ôfsluten mar dat betsjut net dat der net mear spile wurde kin. As der noch leafhawwers binne om te spyljen dan kin dat. Jimme kinne dan oare spilers útnoegje om meiinoar in wedstriid te spyljen. As der harken en/as ballen nedich binne dan kin de kaai fan it sporthokje by Henri ôfhelle wurde. Nei ôfrin it net wol wer oer de baan oanbringe sadat de katten it net as húske brûke en de kaai werom bringe.

Wy kinne weromsjen op in tige slagge en gesellige earste tiidrek en hoopje jimme allegearre yn it nije jier werom te sjen. Nim ek ris kunde mei om by it spul te belûken!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *